Liveblog | 13 oktober 2020

Kabinet komt mei 'gedeeltelijke lockdown'; Buma: "Houd je ook binnen aan de regels"

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 14 oktober 2020, 08:24
22:56

Ein fan dit liveblog:

Oant safier dit liveblog oer it coronafirus fan tiisdei 13 oktober 2020. Woansdeitemoarn binne wy der wer mei in nij liveblog. Eltsenien tank foar it folgjen.
22:22

Wurkjouwers wolle ekstra stipe foar ûndernimmers

Wurkjouwersorganisaasjes VNO-NCW en MKB Nederland fine dat der ekstra stipe komme moat foar ûndernimmers. Dan giet it bygelyks om sektoaren as de hoareka, eveneminten en transport. De organisaasjes wolle in 'time-out en stopregeling.' Dêrmei soene ûndernimmers sûnder skulden tydlik ophâlde moatte kinne, om derfoar te soargjen dat bedriuwen net fallyt geane. Sa'n regeling is lykwols wol dreech want ek skuldeaskers, it UWV en de belestingtsjinst moatte der oan meiwurkje.
22:01

LTO oer gefolgen foar de lân- en túnbou

Neffens lânbou-organisaasje LTO hawwe de nije coronamaatregels ek gefolgen foar de lân- en túnbou, benammen as it om multyfunksjonele bedriuwen giet en om de taleveransiers fan de hoareka:
21:57

Nije museumprotokollen

De Museumvereniging hat witte litten dat de nije coronamaatregels ek gefolgen hawwe foar de protokollen fan musea. Sa binne mûlkapkes tenei ferplichte foar eltsenien boppe de 13 jier en moat de hoareka yn musea ek ticht bliuwe (ek as dy net tagonklik is foar minsken dy't net nei it museum sels geane).
21:55

SneekermeerRun ferpleatst nei maaie 2021

Takom sneon soe de SneekermeerRun wêze, mar fanwegen it coronafirus kin dat net trochgean. Dat is neffens de organisaasje besletten troch de gemeente en Veiligheidsregio Fryslân. "Nu er momenteel nog meer maatregelen volgen om het coronavirus in te dammen leggen wij ons neer bij het besluit van de gemeente."
Wol hat de organisaasje in nije datum foar it evenement keazen. De SneekermeerRun moat no op snein 9 maaie 2021 hâlden wurde.
21:11

Thialf bliuwt foar topsporters foarearst iepen

Iisstadion Thialf op It Hearrenfean bliuwt foarearst iepen foar topsporters om te trainen. Wol wurdt der noch ûndersyk dien nei oft de fjouwer NK-langebaanwedstriden en de twa shorttrackwedstriden trochgean kinne.
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema