Berltsum krijt nije sportskoalle: "Wy gean der gewoan foar"

13 okt 2020 - 07:20

Dêr't in soad sportskoallen mei spanning wachtsje op de nije maatregels fan it kabinet, is Berltsum drok dwaande mei it bouwen fan in nije sportskoalle, Team Eijzenga, Yn in loads op it yndustryterrein yn Berltsum wurdt hurd wurke oan de sportskoalle, mar dat bringt yn dizze ûnwisse tiid wol risiko's mei him mei.

Al jierren kinne se yn Berltsum by Fysio Eijzenga telâne foar sport, mar de fitnessromte is eins te lyts foar it jaan fan groepslessen. De famylje Eijzenga is dêrom op syk gien nei in nije lokaasje, en mei sukses. Doe't fysioterapeut en trener Hans Hoogsteen dêroer hearde, woe hy graach ynspringe. "It wie myn dream om soks op te setten. En dat it no echt barre sil, is geweldich. Dit hie ik net dreame kinnen."

In grut poadium fan 10 by 10 meter komt yn it midden fan de loads te stean. It is it pronkstik fan de seal, en neffens mei-eigener Hans unyk: "Dat ha ik noch noait ergens sjoen, dus dêr binne wy ek echt wol hiel grutsk op." Op it poadium wurde groepslessen jûn yn ûnder oare boksen, Kettlebell en TRX.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Ek in bakje kofje is belangryk, der komt dan ek in kofjehoeke yn de gym, sa grut as it poadium. "Wy fine it hiel belangryk dat de minsken hjir komme wolle, dat it hiel leechdrompelich is, en dat se it nei harren sin ha", seit Hoogsteen. Yn de sportskoalle is gjin spegel te finen. Dat makket it fitnesssintrum oars as oare sportskoallen. De krêft leit him neffens Team Eijzenga by de groepslessen.

De nije lokaasje moat net allinne Berltsumers, mar minsken út de hiele omjouwing oanlûke. Hoogsteen: "It plakje Berltsum is miskien net al te grut, mar alle omlizzende doarpen ha ek net in hiel soad. Dus as dy aanst sporte wolle, ha sy yn alle gefallen in moai plakje yn de buert."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Risiko's

Der sitte wol risiko's oan it bouwen fan in nije sportlokaasje yn dizze tiid, mar dat hat foar Team Eijzenga gjin drompel west. "Soms komt der wat op dyn paad en dan kinst it dwaan of do kinst it net dwaan. Wy ha der foar keazen om gewoan yn it djippe te springen en dan sjogge wy wol wat it wurd", seit Hoogsteen.

Beanud binne sy yn alle gefallen net. "Wy moatte dochs ergens begjinne en sa'n kâns komt miskien net wer. As de sportskoallen wer ticht moatte, hoopje wy dat it no bart, want wy binne dochs noch oan it bouwen. Dan kinne wy dêrnei sa gau as mooglik iepen."

Team Eijzenga hopet op 2 novimber de doarren offisjeel iepenje te kinnen.

Ferslachjouwer Jantine Stoffers yn de sportskoalle

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
(Advertinsje)
(Advertinsje)