FNP: Fryslân moat wer in Europe Direct-fêstiging krije

13 okt 2020 - 06:26

De FNP wol dat Fryslân wer in Europe Direct-fêstiging krijt. Dat is in frij tagonklik ynformaasjepunt dêr't ynwenners, oerheden, bedriuwen en ynstellings kennis oer Europa krije kinne. Sa'n ynformaasjepunt kin neffens de FNP helpe by de ambysjes fan de provinsje om 130 miljoen euro subsydzje út Brussel te heljen.

De plenêre seal fan it Europeesk Parlemint yn Brussel - Foto: Omrop Fryslân

De Europeeske Kommisje (EK) is mei in oprop dwaande om yn Nederlân nije ynformaasjesintra oer Europa te iepenjen. Oant no ta wie der mar in lyts tal fan sokke Europe Direct-sintra. De EK soe no in bettere sprieding wolle fan sokke fêstigings oer Nederlân hinne, en it stribjen is yn alle tolve provinsjes.

De Europe Direct-fêstigings fungearje as ynformaasje- en fraachbaak foar ynwenners, bedriuwen, ûnderwiisynstellings en oare organisaasjes. FNP-steatelid Sybren Posthumus: "Mei it each op de ambysjes fan Fryslân mei Europa om 130 miljoen subsydzje yn te heljen út Brussel foar projekten en inisjativen hjirre, liket it de FNP ta dat der ek yn Fryslân sa'n fêstiging komme moatte soe."

Dat kin boppedat in fersterking wêze fan it 'Europe Ready Fryslân'-netwurk dat al aktyf is. Yn it ferline siet yn it eardere beursgebou yn Ljouwert ek in Europe Direct-fêstiging, mar op in bepaald stuit waard it konsintrearre yn Grins.

Jild

De EK soe ek budzjet hawwe foar in grutter tal kwalitatyf goede fêstigings. De fiif rinnende kontrakten rinne ôf en gadingmakkers moatte op koarte termyn, foar 22 oktober, reagearje. It hawwen en beminskjen fan sa'n sintrum kin Europa en regio neffens de FNP tichterby inoar bringe en makket de kâns om subsydzjes binnen te heljen yn de regel net lytser.

Ekstra argumint neffens de partij is dat it no yn coronatiid lestiger wurden is om yn Brussel te kommen. "Alle reden foar de provinsje om yn aksje te kommen en dizze fûgel net oer it net fleane te litten", seit Posthumus.

Sybren Posthumus oer de Europe Direct-sintra

(Advertinsje)
(Advertinsje)