Ofspraken moatte natuergebiet Fochtelerfean beskermje by nijbou wenwyk Assen

12 okt 2020 - 22:09

Utwreiding fan in wenwyk fan Assen giet net te'n koste fan de natuer yn it Fochtelerfean. Dêr hat de gemeente Assen ôfspraken oer makke mei de provinsje en ferskate natuerorganisaasjes. De wenwyk dêr't it om giet leit flak by it Fochtelerfean en der binne yn earsten fiifhûndert nije hûzen pland.

It Fochtelerfean - Foto: Shutterstock.com (Olha Rohulya)

De natuerorganisaasjes hiene berop oantekene tsjin de útwreiding, omdat dy in soad stikstofútstjit feroarsaakje soe. En it soe te'n koste gean fan it leefgebiet fan swannen en guozzen.

Der is no ôfpraat dat de hûzen der wol komme, mar dat der ek ûndersyk komt nei de gefolgen dêrfan en nei maatregels om dy problemen te ferhelpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)