Learaar Winsumer basisskoalle útroppen ta duorsumste dosint fan it jier

12 okt 2020 - 21:24

Learaar Ewoud van der Weide fan OBS It Bynt út Winsum is dit jier útroppen ta duorsumste dosint fan Nederlân yn it primêr ûnderwiis. De priisútrikking wie moandeitejûn yn Amsterdam, dat barde digitaal fanwege corona. Mei de lanlike ferkiezing Duurzame Docent wolle ûnderwiisorganisaasjes duorsume dosinten oanmoedigje en in poadium jaan.

OBS It Bynt Winsum - Foto: Google Streetview

Van der Weide krige de priis takend foar it projekt 'Greidhoeke goes Onderwijs', dêr't hy de projektlieder fan wie. It wie in gearwurking fan fjouwer skoallen, wêrby't de skoalbern ûndersyk dienen nei de delgong fan de skries yn Fryslân.

"Een duurzame docent inspireert, vernieuwt, werkt samen met partijen buiten school en brengt verschillende aspecten van duurzame ontwikkeling bij elkaar", sa seit de sjuery.

(Advertinsje)
(Advertinsje)