Boschplaat op Skylge wer tsien jier lang Europeesk natuerreservaat
Natuergebiet de Boschplaat op Skylge hat him wer foar tsien jier kwalifisearre foar de status fan Europeesk natuerreservaat. En ek al smyt dat gjin pûde mei jild op, it is wol wichtich foar it eilân seit boskwachter Joeri Lamers fan Staatsbosbeheer: "De mensen op Terschelling zijn heel trots op het gebied en dat draagt weer bij aan de bescherming ervan."
In natuergebiet krijt dizze status allinnich je der hiele bysûndere natuer fine kinne. En der wurde oanbefellings dien foar it behâlden en ferbetterjen fan dy natuer. As je dêr neat of te min mei dogge, kinne je de status ek wer ferlieze. Dat wurdt ek kontrolearre.
Ek ditkear binne der wer in tal oanbefellings dien. Sa leit der sûnt 2018 in Boschplaatfyzje oer wat der gebeure moat om dy spesjale natuer te behâlden. Dy moat úteinlik wol útfierd wurde, neffens de nije beoardieling fan de Boschplaat.
Eksoatyske soarten
Ek moat der skerp op tasjoen wurde dat it weidzjen fan fee net sa yntinsyf is dat it ferlies fan natuerkwaliteiten opsmyt. Fierder moat behearder Staatsbosbeheer de ynformaasjefoarsjenning goed tsjin it ljocht hâlde en foarkomme dat der gjin eksoatyske soarten har fêstigje.
Dat der in skipfeartrûte boppe it eilân rint, is ek in reden ta soarch, mar dêr hat Staatsbosbeheer gjin ynfloed op, tekenet Lamers oan. It ûngelok mei de MSC Zoe hat wol sjen litten dat dizze driging realistysk is.