Fjouwer grutte reedrydwedstriden yn Thialf op It Hearrenfean

12 okt 2020 - 19:18

It langebaanreedriden krijt foar 1 jannewaris 2021 fjouwer grutte wedstriden yn Thialf. De KNSB, eventpartner House of Sports en Thialf ha de organisaasje dêrfan rûnkrigen. It seizoen begjint mei de NK Ofstannen, ein dizze moanne.

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

Troch it fuortfallen fan de earste searje World Cupwedstriden wie der ferlet om foar de earste helte fan dit seizoen in sterke nasjonale kalinder del te setten.

"We wolle graach wedstriden ride en dêrom ha we ús stientsje ek bydroegen", seit Douwe de Vries, foarsitter fan de Atleteferienging fan de KNSB. "Ek foar de riders binne dit finansjeel lestige tiden en no kieze we der bewust foar om te ynvestearjen yn ús sport."

De kalinder sjocht der sa út:

30 oktober, 1 novimber NK Ofstannen
21, 22 novimber NK allround
28, 29 novimber NK Sprint
26, 28 desimber WK Kwalifikaasjetoernoai

Douwe de Vries

Trefwurden: 
reedriden KNSB Thialf
(advertinsje)
(advertinsje)