Amateursport oan bannen; soad fragen by Harkemase Boys

12 okt 2020 - 18:50

It kabinet leit de amateursport oan bannen. Boppe de 18 jier meie amateurs net mear yn teamferbân sporte. Dat is ien fan de maatregels dy't it kabinet tiisdei bekend makket om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Troch de kompetysjes stil te lizzen, wurdt der net mear sa'n soad reizge, is it idee. De heechst spyljende amateurfuotbalklup yn ús provinsje is Harkemase Boys.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"It siet der wol oan te kommen, de maatregel komt net ûnferwachte", seit foarsitter Sippe Heeringa.

De klup hat al trije wedstriden mist. "Twa kear troch corona by de tsjinstanner en ien kear wie der in besmetting by ús sels. Sa krijst wol in skeve kompetysje en in soad ûnwissichheden. Dan tinkst ek: wat is no better? It is fansels net moai ast net fuotbalje kinst, mar foar de stêf ek net mar alle kearen dy ûnwissichheid oftst op freed mooglik hearst dat de wedstriid net trochgiet, is ek net noflik foar in team. Dy wurkje nei in wedstriid ta."

By de Boys ha wol wat besmettingen west. "Dat makket dy ek wol ûnseker. We ha it der ek wol oer hân, moatte we miskien de boel in pear wiken plat goaie of net. En der is diskusje oer mei of sûnder pubyk."

Pear wiken rêst?

Woansdei is der wer oerlis mei de foarsitters fan de twadde en tredde difyzje en de KNVB oer hoe't it fierder moat. De mieningen by de klups binne ek ferdield. "Miskien is it elk wol better as we in pear wiken rêst hawwe." In heale kompetysje is ien fan de senario's. "As der in soad útfalt en we binne nei de winterstop lang net op de helte, dan wurdt it in heale kompetysje en we ha in lange simmer. Mocht der ek net mear traind wurde, dan is saterdeis inkeld mar de jeugd oan it spyljen. En dan ek nochris sûnder publyk. Dat is wol tryst."

Sippe Heeringa

(Advertinsje)
(Advertinsje)