Sylster Marit Bouwmeester leit wer op medaljekoers

Sylster Marit Bouwmeester leit by de Europeeske kampioenskippen yn de Laser Radial yn Gdansk wer op medaljekoers. De olympysk kampioene klom moandei yn it klassemint fan it fjirde nei it twadde plak.
© ANP
Har efterstân op de titelhâlder Anne-Marie Rindom út Denemarken is mei allinnich noch de slotdei foar de boech wol grut: 19 punten tsjin 42 punten.
Bouwmeester mocht moandei net meidwaan oan de earste deirace fanwege in straf dy't noch útstie. Dêrtroch hie se der fuortendaliks in skrasresultaat (55e) by. Mei it fjirde en earste plak yn de Gold Fleet focht Bouwmeester har sterk werom.