Blessuere Issa Kallon falt ta: NAC-út mooglik helber

12 okt 2020 - 18:28

Issa Kallon kin freed mooglik dochs meidwaan by SC Cambuur oan de topper tsjin NAC Breda. De rappe oanfaller foel snein yn de wedstriid tsjin FC Dordrecht út mei in op it each swiere hamstringblessuere. Undersyk hat moandei útwiisd dat it meifalt en der gjin skea is.

Foto: Orange Pictures

Freed spylje de Ljouwerters tsjin koprinner NAC Breda. Dat is in wichtige wedstriid en om dy reden hat trainer Henk de Jong Kallon der mar al te graach by dan.

Kallon makke dit seizoen al fiif goals en is bliid dat er mooglik meidwaan kin freed. "Gelukkig is de echo gewoon goed, dus nu kunnen we kijken of ik vrijdag haal."

(advertinsje)
(advertinsje)