Noed by GGD oer hege tal besmettingen: "We moatte as lân ús gedrach feroarje"

12 okt 2020 - 18:21

294 nije besmettingen yn Fryslân binne dizze moandei meld, en dat wylst it der snein noch 179 wiene en dat wie al in flink rekôr. De sifers moatte dúdlik nei ûnderen ta om strangere maatregels foar te kommen, mar dat liket der net yn te sitten. De sifers yn Fryslân rinne op en lanlik sjoen wiene se ek net flink minder.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"It hege oantal hat te krijen mei in administrative ynhelslach fan juster en hjoed. We hoopje dat de sifers fan moarn ôf wer better betrouber binne. De sifers fan ôfrûne wike wienen eins krekt wat mear as wat we meld ha", seit Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân. "Deisifers sizze net sa folle, moatst sjen nei de trend yn in wike. Mar it rint wol op, dat hienen we ek wol ferwachte. It gong elke kear oer de kop yn in pear dagen. Dy eksponinsjele groei is der wat ôf, mar it rint noch hieltyd omheech en dêr wurdst net bliid fan."

Heger persintaazje

It persintaazje fan besmettingen is ek omheech gien. "Yn de simmer wienen we bliid mei in testpersintaazje ûnder de ien prosint, en no sitte we op acht prosint. Dat rint bot omheech. As ien docht oft der neat oan de hân is en nei feestjes giet en bekenden fûstket, dat wurket net." Mei de wike wurdt de situaasje soarchliker.

Watfoar maatregels kinne helpe?

"We moatte ús wol oan de maatregels hâlde en sosjale kontakten beheine. It giet mis as we even net op ús hoede binne. We hâlde bygelyks ôfstân yn de supermerk en as we út iten gean mei freonen, mar it giet bygelyks mis as we by de doar noch wat stean te neipraten. We moatte ús natuerlik gedrach ûnderdrukke en dat is lestich en dêr ha we help by nedich. As lân moatte we ús gedrach feroarje."

Der binne ek sifers oer hege oantallen besmettingen ûnder jongeren. Neffens De Graaf binne de learlingen net besmet yn de skoalle mar bûten de skoalle. "We ha gjin yndikaasje dat it him ferspriedt yn de skoallen."

Demonstraasje

By in GGD-lokaasje yn Drachten wienen it ôfrûne wykein demonstraasjes fan minsken dy't it net iens binne mei de maatregels. "Dat is hiel ferskriklik foar ús minsken. Ik wol oproppe: lit elk syn wurk dwaan."

Margreet de Graaf

Trefwurden: 
GGD coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)