See-earn yn fûgelopfang makket it goed, nei spannende operaasje

12 okt 2020 - 17:25

Foar de see-earn, dy't opfongen wurdt by de Fûgelhelling yn Oerterp, is in protte belangstelling. Nei in operaasje oan de wjuk moat it bist der wer hielendal boppe-op komme. It wie wol efkes spannend noch.

Foto: Facebook De Fûgelhelling

"It wie in heftige operaasje. Hy hat der net folle fan meikrigen, hy wie goed ûnder seil. Omdat it om in âldere breuk giet, hienen se der in soad wurk fan om de pin der goed yn te krijen", seit Hetty Sinnema fan de Fûgelhelling. "Dat gie goed, dochs waard it noch wer spannend want nei it wekker wurden waard er slop. Ik tocht dit wurdt in gefal fan: operatie geslaagd, patiënt overleden, mar hy moast frisse lucht ha. Ik moat sizze: ik waard in pear jier âlder, mar it betearde goed."

De fûgel moat no bekomme yn in lytse koai. "It is wol in pittigenien en hy is it ek net altyd iens mei ús belied, hy wol hegerop en dat is net handich. Hy is yntaped en moat him deljaan. Ik ha goede hoop dat er him no rêstich hâldt en goed opknappe kin en letter wer fleanoefeningen meitsje kin."

Bysûnder

It is de earste kear yn de skiednis fan de opfang dat se in see-earn hawwe. "It is sels noch mar de twadde kear yn Nederlân, dus dat it wol bysûnder. Der is dan ek in soad belangstelling. Op ús oprop om te helpen ha we in soad reaksjes krigen, dêrmei is de operaasje hast wol betelle. It is fijn om te hearren dat minsken al dy leave wurdsje stjoere. Se hawwe it bêste mei him foar, dat is hiel fijn."

Fanwegen corona kinne minsken net komme om it bist te sjen. "Miskien bringe we in livestream, mar we sille yn alle gefallen in wyklikse update op Facebook sette sadat minsken meigenietsje kinne."

Hetty Sinnema

(Advertinsje)
(Advertinsje)