Martijn Barto: "Ik vind NAC niet de favoriet"

12 okt 2020 - 16:51

"Als je de aanvalspatronen terug ziet komen, denk ik dat we heel goed bezig zijn. We hebben zeker geen klagen. We maken veel, mooie goals. Veel goals zijn ook trainbaar, daar geniet ik echt van. Dat is bijna wekelijks genieten. Voor iedereen." Martijn Barto is loovjend oer de ploech dêr't er spitsetrainer is. Cambuur wûn dit wykein mei 5-0 fan FC Dordrecht. We prate mei Barto en mei syn âld-kollega en no spitsetrainer fan Dordrecht Mark de Vries.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

Te gast is Martijn Barto. Ald-spiler fan Cambuur en no spitsetrainer by Cambuur. Andor Faber hat goed nijs oer de blessuere fan Issa Kallon. "Hy hat fan 'e moarn foar in echo west. Der wie gjin skuorke te sjen yn syn hamstring. Hy soe sels by de topper tsjin NAC Breda derby wêze kinnen."

Barto skrok snein wol efkes. "Ja, zeker. Issa is belangrijk voor ons, maar..." "Je gaat toch niet zeggen dat de bank heel belangrijk is," sa falt Andor Barto yn de rede. "Nou ja, eigenlijk wel. Ik hoop dat Issa kan spelen. Er zijn altijd een paar die uitgelicht worden. Maar als je ziet hoe Paulissen zich laat zien, hoe Breij er staat, hoe Nieuwpoort, dan wil ik dat wel even benadrukken."

Roelof de Vries fynt dat moai, dat Barto dat seit. "It is moai dat Martijn al efkes oan it oefenjen is foar as er letter sels foar de mikrofoan stean moat as haadtrainer, mar it is fansels wol sa dat as Cambuur spilers as Mühren, Schouten of Kallon mist, it in stik minder wurdt. En eins kinst dat foar it folsleine middenfjild ek sizze mei Maulun, Hoedemakers en Jacobs. Asto trije of fjouwer fan sokke spilers der net by hast, krijst it tsjin guon ploegen echt hiel dreech. As eltsenien fit bliuwt, bist noch altyd gewoan kampioenskandidaat."

Mark de Leeuwarder efkes werom yn Ljouwert

"Ik denk dat als de wedstrijd een half uur later was begonnen, dat we dat moeiteloos vol hadden geluld." Mark de Vries wie snein efkes werom yn it stadion en trof dêr dus ûnder oare syn âld-ploechgenoat Martijn Barto. "Het was erin en eruit. Door die corona, natuurlijk. Dat maakt het wel heel anders. Dat is jammer. Maar het was wel heel leuk om weer eens terug te zijn."

Dordrecht is net goed begûn oan it seizoen. Se stean lêste mei fjouwer punten út sân wedstriden. "Ik hoor jullie praten over spelers die wegvallen. Nou, ik kan je vertellen, dat als wij spelers kwijtraken, dat we moeten terugvallen op jongens onder de 19. Cambuur heeft gewoon meer kwaliteit. Wij zijn Dordrecht, wij moeten vooral naar onszelf kijken. Wij moeten ons heel andere zaken richten waar Cambuur op kan, mag en zal richten."

NAC net de favoryt

Freed stiet de topper tusken NAC Breda en Cambuur op it programma. De nûmer ien NAC Breda hat noch gjin punten ferlern, mar de nûmer trije Cambuur hat de goede foarm wer te pakken. Is NAC dan de favoryt? Barto: "Ik vind van niet. Ik ben al verbaasd dat je die vraag stelt. Als je kijkt naar de laatste drie wedstrijden van ons. Vijftien goals. Dan ga je wel met vertrouwen naar Breda."

Ta beslut de fraach oan Barto fan wa't hy ferwachtet dat njonken NAC Breda en Cambuur meistride sille om promoasje. "Ik denk dat je Almere City er ook bij moet zetten. Die hebben met, ik geloof, 26 spelers een heel brede selectie. Niet de minste. De Graafschap zal ook meedoen. Dit is niet oneerbiedig bedoeld, maar als die nou tachtig minuten zouden spelen? Goh man, dan zouden ze heel wat minder punten pakken. Dan zit ik wel eens te kijken en prikt Seuntjens er in de laatste minuut weer eentje in. Dat zijn volgens mij de vier ploegen."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate jim yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar, mar dizze kear is it Timo Jepkema.

(advertinsje)
(advertinsje)