Wannear wurdt coronasituaasje yn Fryslân earnstich?

12 okt 2020 - 16:15

It wurdt hieltyd slimmer mei de corona yn Fryslân. Dat is ûnder oare te sjen oan de 'sinjaalwearde', dy't de lêste dagen rap heger en heger wurdt. De teller stiet moandei op 158 en dêrmei is de krityske grins berikt. In hurd oprinnende sinjaalwearde kin in reden wêze om ta strangere maatregels oer te gean.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn Fryslân rint de sinjaalwearde yn rap tempo op, no't it tal besmettings mei it coronafirus yn de provnsje mear tanimt as ea dêrfoar. In sinjaalwearde dy't hieltyd heger wurdt, kin derfoar soargje dat de situaasje yn ús provinsje fan 'soarchlik' nei 'earnstich' giet.

Wat is de sinjaalwearde?

De sinjaalwearde wurdt berekkene troch te sjen nei it totaaltal besmettings yn de lêste sân dagen de 100.000 ynwenners. Yn Fryslân is ferline wike by 1024 minsken fêststeld dat se besmet binne mei it coronafirus. Op 100.000 ynwenners binne dat 158, dat is de aktuele sinjaalwearde.

As fergelyk: in wike ferlyn stie dy wearde noch op 91, en de wike dêrfoar op 53. Yn de grafyk kinst oan de blauwe streek sjen hoe't de sinjaalwearde oprint.

Van 'soarchlik' nei 'earnstich'

De GGD, it RIVM, de Feilichheidsregio en it ryk meitsje allegearre mei-inoar út op hokker 'nivo fan risiko'oft in regio stiet. Der binne trije kategoryen: waaksum, soarchlik en earnstich. Fryslân stiet op dit stuit op it nivo 'soarchlik', omdat de sinjaalwearde heger is as 50.

Begjin oktober is dat nivo oanpast, om't yn it lêstoan fan septimber it tal besmettings de 100. 000 ynwenners oer de grins fan 50 gien is. As in regio oer de grins fan 150 hinne giet, is de kâns grut dat it risikonivo oanpast wurdt nei 'earnstich'.

Faak duorret it in pear dagen foar't it risikonivo oanpast is. Sa waard de foarige krityske grins, dy fan 50, op 28 septimber berikt. Op 1 oktober waard it risiko-nivo ek echt ferhege.

As Fryslân op it nivo 'earnstich' komt, is de situaasje net langer yn de stringen te hâlden mei de besteande maatregels en is hurd yngripen needsaaklik. Der sille strangere maatregels komme moatte om derfoar te soargjen dat de soarch net oerspield wurdt en de oerheid wer better sicht kriget op de fersprieding fan it firus.

(Advertinsje)
(Advertinsje)