Drachtster fernielt auto op brulloft en ferliest rydbewiis

12 okt 2020 - 16:07

De 25-jierrige Drachtster hat nei in rûzje mei syn sweager dy syn auto fernield en is doe dronken yn syn auto stapt. Hy hat in wurkstraf krigen en seis moannen rydûntsizzing.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Op de brulloft krige de Drachtster rûzje mei syn sweager, wêrnei't de Drachtster it feest ferliet, mar net foar't hy de BMW fan syn sweager mei in moerkaai te liif gie. De fertochte bewearde dat hy inkeld in koplampe en in bûtenspegel sloopt hie, mar neffens de eigener fan de BMW wienen de ruten stikken, sieten der dûken yn alle doarren en wiene de lampen en spegels fernield.

Rydûntsizzing

Doe't de Drachtster oanholden waard, hie hy trije kear mear as de tastiene hoemannichte alkohol op. Yn 2018 wie hy ek al feroardiele foar it riden ûnder ynfloed. Bart dat twa kear binnen twa jier, dan wurdt it rydbewiis ûnjildich ferklearre. De Drachtster sil opnij syn teory- en praktykeksamen ôflizze moatte.

Foar it fernielen fan de BMW en it dronken riden krige de man fan de plysjerjochter een wurkstraf fan 80 oeren en seis moannen rydûntsizzing, plus in moanne ûnder betingst. Ek moat de Drachtster de skea oan de BMW betelje, dy't op sa'n 4.000 euro rûsd is.

Trefwurden: 
Drachten rjochtbank
(Advertinsje)
(Advertinsje)