Wedstriid fan SC Hearrenfean fan sneontejûn nei sneintemiddei ferpleatst

12 okt 2020 - 15:58

SC Hearrenfean spilet net sneontejûn, mar sneintemiddei om 14.30 oere tsjin Ajax yn Amsterdam. De spyldata en begjintiden fan tsientallen earedifyzjewedstriden binne feroare fanwegen ferplichtingen fan fjouwer Nederlânske klups yn de Europeeske toernoaien.

Foto: sc Hearrenfean

It giet om Ajax, AZ, Feyenoord en PSV.

Alle klups yn it betelle fuotbal ha besletten om de klups dy't yn Europeesk ferbân spylje de romte te bieden foar in goede tarieding as se derom freegje. Fan alle fjouwer klups aktyf yn de Champions League en Europa League aktyf hat de KNVB in fersyk krigen.

By de Keuken Kampioen difyzje feroarje ek guon wedstriiddagen en begjintiden fan de wedstriid om't se dan op FOX te sjen binne. Dat wurdt dien om't der fanwegen de coronamaatregels gjin publyk yn de stadions wêze mei. Foar Cambuur feroaret der ek it ien en oar.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)