Rekôrtal nije coronabesmettingen yn Fryslân

12 okt 2020 - 14:26

Der binne yn Fryslân 294 nije coronagefallen bykommen. Dat is heechste oantal dat der oant no ta yn ien dei bykommen is. Snein wiene it der 179.

Rekôrtal nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Ljouwert binne de measte minsken posityf test: 87. Ek Súdwest-Fryslân skoart heech mei 44 nije besmettingen. Yn Smellingerlân en de Fryske Marren binne der elts 24 besmettingen bykommen.

Foto: Shutterstock

Coronasifers fan 12 oktober

GEMEENTE OANTAL BESMETTINGEN
Achtkarspelen 16
Amelân 3
Dantumadiel 8
Eaststellingwerf 10
Flylân 1
De Fryske Marren 24
Harns 7
Hearrenfean 18
Ljouwert 87
Noardeast-Fryslân 6
Opsterlân 6
Skiermûntseach 0
Skylge 5
Smellingerlân 24
Súdwest-Fryslân 44
Tytsjerksteradiel 10
Waadhoeke 14
Weststellingwerf 11
Totaal: 294

Yn hiel Nederlân binne tusken sneintemoarn en moandeitemoarn 6.854 nije coronagefallen meld, in nij deirekôr. It RIVM melde op sneon 6.499 positive tests en op snein 6.375.

Yn de ôfrûne sân dagen binne mear as 41.000 nije coronabesmettings konstatearre.

Sikehûssifers

Yn de Fryske sikehûzen lizze op it stuit 38 minsken fan wa't tocht wurdt dat se it coronafirus ha. Fan har lizze 32 op in gewoan sikehûsbêd, dat is twa kear safolle as ein ferline wike, doe't foar it lêst sifers nei bûten kamen.

Seis minsken lizze op de intensive care, dat sifer is gelyk bleaun. Yn de noardlike sikehûzen mei elkoar lizze no tachtich minsken mei nei alle gedachten it coronafirus. Likernôch in fjirde part dêrfan komt fan bûten de regio.

Trefwurden: 
coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)