Fryske Gea set fraachtekens by ôfbeakenjen fan gebieten om greidefûgels te beskermjen

12 okt 2020 - 13:48

Hoe kinne wy de aaien fan ús greidefûgels it bêste beskermje? It is in fraach dêr't ferskate natoerorganisaasjes harren al jierren oer bûge. Neffens it lêste ûndersyksrapport fan Sovon Vogelonderzoek soe it ôfbeakenjen fan in gebiet mei skoktried goed wurkje. Mar It Fryske Gea yn de Súdwesthoeke is it dêr net folslein mei iens. "Skoktried makket by ús gjin ferskil."

Unrêst by de greidefûgels. - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Fryslân en Grinslân binne de grutste slachtoffers fan aairôf docht bliken út it ûndersyk fan de Sovon. Tusken de 42 en 45 prosint fan de nêsten wurdt leechrôve troch foksen of rôffûgels. Dizze preditoaren kinne faak ienfâldich by de aaien komme en dêrom wurde gebieten ôfset mei skoktried. Neffens Germ van der Burg fan It Fryske Gea yn de Súdwesthoeke wurket it ôfbeakenjen fan it gebiet lang net altyd. "Trije jier lang ha wy in grut gebiet ôfbeakene mei triedden om de foks te kearen, mar nei trije jier koene wy gjin grut ferskil sjen."

De Súdwesthoeke hat in gebiet fan 5 kilometer ôfset, mar seach gjin ferskil tusken it gebiet binnen de triedden en it gebiet dêr bûten. Van der Burg: "Wy koene net oantoane dat de perselen binnen it raster bettere útkomsten hiene dan de perselen bûten it raster."

In Skries - Foto: Flickr

Van der Burg tinkt dat it foar in part komt om't yn it gebiet yn de Súdwesthoeke net in protte foksen foarkomme. "Wy tinke dat de predaasje fan oare bisten, benammen út de loft, folle heger west hat as dy fan de foks." De triedden om it gebiet hinne beskermje net tsjin de predatoaren yn de loft. Dochs betsjut dat net dat it ôfbeakenjen net in goeie oplossing is foar oare gebieten. Van den Burg: "Ik tink dat it yn lytsere gebieten wêr't de foksepredaasje hiel grut is wol helpe kin. Mar foar it gebiet yn de Súdwesthoeke sil it neat úthelje."

En dus is in oplossing dy't wurket foat elk gebiet noch altyd net fûn. Van der Burg: 'Wy dogge wat wy kinne, mar it lân is net hiel geskikt mear foar greidefûgels op in hiel soad plakken. Dat makket dat dy pdarels dêr't de greidefûgels noch wol sitte hieltyd kwetsberder wurde.'

Germ van der Burg fan It Fryske Gea

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)