Reade Krús komt mei itens-aksje foar coronaslachtoffers

12 okt 2020 - 13:03

It Reade Krús begjint mei in ynsammelsaksje om it iten te beteljen foar tûzenen minsken yn Nederlân dy't yn finansjele need sitten troch de coronakrisis. Yn Fryslân spilet it noch net sa bot dat minsken gjin iten mear keapje kinne, mar dochs docht it Fryske Reade Krús mei, want de need sil hjir ek komme.

Reade Krús komt mei itensaksje foar coronaslachtoffers

Yn hiel Nederlân soe it gean om sawat 25.000 slimme gefallen, dy't bygelyks harren baan ferlern hawwe en dy't gjin jild foar iten hawwe. Yn Fryslân spilet it probleem noch net sa bot, fertelt Veronique Huismans fan it Fryske Reade Krús. Mar de fraach sil de kommende wiken wol tanimme. Dêr is se wis fan.

Drompel is heech

Dat it no noch net sa spilet yn Fryslân, komt trochdat de drompel heech is. Minsken skeakelje earst it netwurk om harren hinne yn. Pas as dat net mear slagget, komme se by ynstânsjes lykas it Reade Krús telâne.

Boadskipkaarten

It Reade Krús hat mei de earste coronaweach yn Fryslân ek minsken oan iten holpen, troch boadskipkaarten út te dielen. Doe wiene de regels fan wat wol en net mocht fanwege corona dúdliker, seit Huismans. Sa kamen bygelyks sekswurkers yn Ljouwert sûnder wurk te sitten. Sy hawwe help krige fan it Reade Krús. De ynstânsje jout ek help oan minsken dy't hjir ferbliuwe sûnder jildige papieren.

Giro 7244

It Reade Krús is persfoast gjin konkurrint fan de Voedselbank, wol Huismans noch efkes dúdlik stelle. Minsken dy't it Reade Krús wat jaan wolle, kinne jild oermeitsje op giro 7244.

Reade Krús komt mei itens-aksje foar coronaslachtoffers

Veronique Huismans, Reade Krús

Foto: ANP Foto
(Advertinsje)
(Advertinsje)