Slim ûngelok op de A6 by Sint-Nyk

12 okt 2020 - 12:19

Op de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer is moandeitemoarn in auto yn de fangrail riden. Frachtweinsjauffeurs dy't it ûngelok seagen, blokkearren de dyk om slimmer foar te kommen.

Foto: Jaring Rispens

Neffens omstanners lei de A6 fol mei ûnderdielen fan de auto. De traumahelikopter waard oproppen, mar wie úteinlik net nedich. It slachtoffer is troch de helpferlieners út de auto helle en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe. Mooglik is de auto achterop in frachtwein botst.

It ferkear op de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer hat lange tiid lêst hân fan opûnthâld. Nei 13.00 oere middeis wie dat foarby.

(advertinsje)
(advertinsje)