Plysje Harns pakt Amsterdammer op foar lange list oan oertredings

De plysje fan Harns hat sneon in Amsterdammer oanhâlden foar in lange list oan oertredings. De man waard oanhâlden nei't er yn Harns fuortried by in tankstasjon sûnder te beteljen. Nei't er oanhâlden wie, die bliken dat de Amsterdammer noch folle mear op syn kerfstôk hie.
Oanhâlding © Shutterstock.com
Ut ûndersyk die bliken dat de Amsterdammer him skuldich makke hie oan allerhande strafbere feiten troch it hiele lân. Sa hie er in auto, in Opel Adam, tongersdei út Nieuwleusen stellen nei in proefrit. Ek soe er yn restaurants yn Snits en Drylts net betelle ha foar syn iten. Yn Snits soe er útnaaid wêze nei in oernachting sûnder te beteljen. En ta beslút wie er nei in kapper west, dy't er net betelle hie nei't dy him it burd skeard hie.

Tsjûgen socht

De plysje siket tsjûgen dy't mear ynformaasje ha oer de Amsterdammer. Ek minsken dy't sels slachtoffer wurden binne fan de man, kinne harren by de plysje melde.