UPDATE: Belgyske fiskkotter wer los nei fêstrinnen op Noardseestrân by Flylân

12 okt 2020 - 19:59

Sleepboat Hunter fan Rederij Noordgat hat de Belgyske fiskkotter loskrigen dy't moandeitemoarn krekt nei seis oere fêstrûn wie op it Noardseestrân by Flylân. De kotter Z575 koe ein fan de middei wer op eigen krêft nei Harns. It skip hat hast 12 oeren fêstsitten.

De Belgyske kotter hie motorproblemen, en is troch de streaming nei it strân fan Flylân dreaun. In berger hat besocht op it skip los te lûken, mar dat slagge moandeitemoarn noch net.

Foar safier bekend is der gjinien ferwûne rekke.

(advertinsje)
(advertinsje)