Oerdrift ta sammeljen fan ytkastanjes nimt yn Fryslân noch gjin flecht

12 okt 2020 - 11:19

Hazzenuten of ytkastanjes: hieltyd mear minsken nimme iten mei út de bosk wei. Fanwege it coronafirus gean der folle mear minsken de bosk yn en nimme dus ek mear iten mei. Soks is net goed foar it ferskaat yn de bosk en foar de bisten dy't fretten misse. Op it stuit bart it noch net yn Fryslân, mar yn de rest fan Nederlân is de trend te sjen.

"Het is herfstvakantie, en dan zie je mensen wel extra het bos in trekken, vooral nu het nog redelijk weer is. Wat doe je dan, dan ga je vruchten verzamelen", fertelt boskwachter Henk-Jan van der Veen yn de bosk by Aldemardum. "Op zich is dat geen punt, daar is het bos ook voor, maar soms kom je mensen tegen met enorme afgeladen zakken met tamme kastanjes en andere vruchten, dan denk je wel eens: dat mag misschien iets minder."

Ytkastanjes en hazzenuten

It giet foaral om fruchten dy't ek foar minsken ytber binne, neffens Van der Veen. "We hebben in Nederland natuurlijk een aantal bomen die vruchten hebben - eik, beuk, hazelaar, tamme kastanje - maar niet iedere vrucht is altijd geschikt om te eten, dan zie je mensen focussen op één ding zoals tamme kastanjes of hazelnoten." Op it stuit sjocht hy it noch net in hiel soad barren yn Fryslân, mar syn kollega's yn oare parten fan it lân falt it wol op. "We komen elders in het land mensen tegen met afgeladen zakken."

In pear hantsjes fol is prima

Neffens de boskwachter sit soks ek yn de natoer fan in minske. "Ik denk wel dat dat een soort oerdrift is om vruchten te verzamelen, we zijn van oorsprong natuurlijk jagers/verzamelaars. Daarvan zit ook nu nog iets in de mens." En meastentiids is it ek gjin probleem, mar tefolle fan it goede is nea posityf. "Een paar handjes noten meenemen, daar valt niemand over. Maar als je met hele tassen uit het bos komt, dan laat je ook niets over voor iemand anders", sa seit Van der Veen.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman en boskwachter Henk-Jan yn de bosk

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De hjersttiid is ek de tiid dat minsken mear poddestuollen as oars plukke om op te iten. Sa kaam in ynwenner fan in asylsikerssintrum yn Ter Apel ferline wike om it libben, doe't hy fergiftige poddestuollen iten hie. Van der Veen sels soe it der al net op weagje om in poddestuol út de bosk te iten. Der is nammentlik in reedlike kâns datst in minnenien te pakken hast.

Kans op fergiftiging is oanwêzich

"Paddenstoelen zijn een specialiteit waar je je echt goed in moet verdiepen", wit Van der Veen. Neffens him binne de poddestuollen in hiele wrâld op himsels. "De kans dat er een giftige tussen zit, is wel aanwezig", sa seit de boskwachter. "We kwamen net al een paddenstoel tegen die op een champignon leek, maar ik zou ze niet in mijn mond durven doen. Ze hoeven maar een beetje giftig te zijn en dan krijg je er behoorlijk last van."

Van der Veen fertelt dat fergiftiging yn fazen komt. "Vergiftiging krijg je nooit in één keer, dat gaat in fases. Het begint vaak bij een misselijk gevoel, braken en diarree. Soms krijg je er zelfs een heel depressief gevoel van, of je krijgt juist een euforisch gevoel, dat is het 'paddo' gevoel. Als het echt een vergiftiging is, dan krijg je daarna de dodelijke fase." Neffens him binne der yn Nederlân sa'n 4.000 poddestuolsoarten, dêr't sa'n 30 giftich fan binne. By in oantal kinst sels al binnen in oantal oeren stjerre. "Loop door het bos, bestudeer ze en geniet ervan, maar paddenstoelen eten vind ik altijd link", sa seit Van der Veen.

Fryske nuchterheid

Yn de bosk fan Aldemardum lykje minsken net nei poddestuollen te sykjen. "Mensen kijken natuurlijk wel naar paddenstoelen omdat ze mooi zijn, maar we hebben niet echt een overlast van mensen die de paddenstoel gaan zoeken. Dat kan ook de Friese nuchterheid zijn. Ik heb niet echt mensen hier die speciaal naar paddenstoelen komen zoeken."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman en boskwachter Henk-Jan van der Veen oer poddestuollen

(Advertinsje)
(Advertinsje)