Fytser slim ferwûne by ûngelok yn Drachten

In fytser is moandeitemoarn slim ferwûne rekke by in oanriding mei in auto op de Stasjonswei yn Drachten. It slachtoffer is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs.
© De Vries Media
Meardere helptsjinsten kamen yn aksje, wêrûnder de traumahelikopter. Dy koe net lânje op it plak fan it ûngelok en stie op de Ottoleane. It slachtoffer is mei de ambulânse nei de helikopter brocht en dêrnei nei it sikehûs flein. De bestjoerder fan de auto rekke net ferwûne.
De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.