Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Waadhoeke yntrodusearje helpkaart foar betize minsken

12 okt 2020 - 10:41

Wat moatst dwaan ast betize minsken tsjinkomst dy't help nedich hawwe? Foar dizze fraach yntrodusearje de gemeenten Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Waadhoeke de saneamde 'hulpkaart'. Dit is in kaartsje dêr't op stiet wa'tst belje kinst.

WMO-soarch - Foto: Shutterstock.com (Lighthunter)

De helpkaart is in optearber kaartsje en is hast like grut as in pinpas. Op de kaart stiet wa't de kontaktpersoan fan it betize slachtoffer is en wat minsken dwaan kinne. De helpkaart is bedoeld foar minsken mei deminsje, in psychyske steurnis of in ferstanlike beheining.

De helpkaart is in inisjatyf fan de trije gemeenten en GGD Fryslân, Stichting AanZet en MEE Friesland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)