Grinsrjochter Erwin Zeinstra flagget UEFA-wedstriid tusken Kroäsië en Frankryk

Grinsrjochter Erwin Zeinstra út Dronryp sil grinsrjochter wêze by de UEFA-wedstriid woansdei tusken Kroäsië en Frankryk. Zeinstra is grinsrjochter fan Björn Kuipers. De wedstriid wurdt spile yn it Maksimirstadion yn Zagreb en begjint om 20.45 oere.
© Omrop Fryslân
De UEFA-wedstriid tusken beide lannen is in werhelling fan de WK-finale yn 2018. Doe wûn Frankryk mei 4-2.