Wettersteuring yn Sint-Anne: wetter earst siede

12 okt 2020 - 09:37

Hûshâldings yn Sint-Anne hawwe moandeitemoarn te krijen hân mei in wettersteuring. Vitens meldt dat der in wetterlieding oan de Steatewei stikken wie. Yntusken is dy wer makke.

Hânnen waskje - Foto: Shutterstock.com

As gefolch fan de breuk yn de wetterlieding moatte bewenners harren wetter út foarsoarch trije minuten siede foardat se it brûke. Ek kin it wetter in oare kleur ha. Minsken dy't it wetter brûke wolle foar in flesse foar lytse poppen wurdt oanret om mineraalwetter te brûken.

Vitens hat elkenien dy't it oangiet in brief stjoerd mei ynstruksjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)