Gjin spoed, wol de brânwacht

12 okt 2020 - 08:33

Fan moandei ôf kinne minsken dy't de brânwacht nedich ha foar saken dy't gjin spoed hawwe, belje mei it nije nûmer 0900-0904. Dan giet it bygelyks om saken as wetteroerlêst of stoarmskea.

Foto: De Vries Media

Krekt lykas de plysje sil de brânwacht tenei ek wurkje mei in telefoannûmer dat belle wurde kin as der gjin direkt gefaar is. De plysje yntrodusearre earder al it nûmer 0900-8844.

Ingrid Weert fan de Brânwacht Fryslân leit út wêrom't it nije nûmer nedich is. "112 is een nummer dat we open willen houden voor levensbedreigende situaties. Soms wordt dat nummer overbelast tijdens een storm. Dat willen we voorkomen. Wanneer het niet nodig is dat de brandweer met loeiende sirenes rijdt, dan moeten mensen dit nummer gebruiken."

As foarbyld jout Weert in hynder yn de sleat, in kat yn de beam, mar ek stoarmskea en wetteroerlêst. Om it nije nûmer bekend te meitsjen is de brânwacht moandei in lanlike kampanje begong. Ek komt it nûmer op de brânwachtauto's te stean.

Ingrid Weert fan de Brânwacht Fryslân

Trefwurden: 
brânwacht neednûmer
(Advertinsje)
(Advertinsje)