Kollum: "Skerven bringe rêst"

"Je ha minsken dy't skytskjin binne, as hobby opromjen ha en foar al it spul in fêst plakje hawwe. En je ha minsken dy't net skytskjin binne, net graach opromje en oeral altyd fan alles omdingelje litte. Jim tinke no fêst, 'wêr hear ik by?' Sels hoech ik net lang nei te tinken. Ik bin der wis fan: myn freon en ik hearre - spitigernôch - by dy lêste kategory. Wy binne samlers. En kampioen rommel meitsjen.
© Janneke de Haan
De toan fan Janneke de Haan
Foar samlers binne in grut hiem en in grutte souder gefaarlik. Altyd wol plak om wat del te setten. Foar datst it witst stiet yn elk hoekje wat. Dingen dy't al sûnt de ferhûzing fjouwer jier lyn yn in doaze sitte en dêr't wy nea wer wat mei dien ha. Mei dat soart fan doazen stiet ús souder fol. Wy kinne oe sa min guod fuortsmite.
Myn freon en ik ha beide studint west op in krap keammerke, dêr't gjin plak wie om wat dan ek mar del te setten. Allegear guod stie opslein by us âlden. En doe't wy ferhûze wiene, kamen ál dy doazen ús kant op. Allegear saken dy't ús âlden sa lang foar ús bewarre hiene. Dy moasten dus wol in moai plakje krije. Mar it waard, oant hjoed ta, dus in hoekje op 'e souder.
Soms dan kinne we der net mear om hinne. Dan sjogge myn freon en ik elkoar oan en tinke wy itselde: it stoart. Wy ha in prachtich karke mei slûkreklame op de sydkant dy't giet fan 'yippiejajayippieyippiyeah' - dat al faak ris hielendal foltroppe nei it stoart riden is.
Hjoed is sa'n dei. En net allinne sille wy nei it stoart. Nee, it roer giet om. Wy hawwe fyftich grutte plestik kratten komme litten en we sille guod fuortsmite, opromje en kategorisearje. Alles byinoar yn in krat mei in etiket der op, sadat je it ek wer fine kinne. En fuortendaliks, oer dat wat troch de hannen giet, efkes in doekje helje. Wy wurde fan dy minsken dy't by de earste kategory hearre. Alteast, dat is it doel.
Dit soart fan aksjes binne foaral leuk as it klear is. Wilens ik der mei dwaande bin, liket it in putsje dat noait fan syn libbensdagen ôf komt. Lokkich is der ien ûnderdiel fan it opromjen dat ik wól leuk fyn. Mear as leuk sels, machtich fyn ik it!
Hjirfoar sammelje myn freon en ik earst al it âlde servys en wat stikkene dakpannen of blompotten. We ferdiele it earlik. Dêrnei rinne wy der mei nei bûten ta en dan 'ene, tweewe' "kletssss", smite it sa stikken op 'e oprit. Sa't se dat eartiids ek diene. Al dizze lytse skerven meitsje it âlde paad wer heech. Der is wier neat sa hearlik as servys oan diggels smite. Efkes alle agresje derút.
Wannear't alles dan stikken is, sjoch ik mei in tefreden gefoel nei al dy fleurige kleurkes porslein en keramyk. It liket wol keunst! En ik tink dan: skerven bringe gelok, mar foaral ek rêst. En hielendal 'zen' draai ik my om en pak ik in nij read krat. Noch efkes trochsette en dan is it hjir ek skytskjin."