Liveblog
|
12 oktober 2020
Coronanijs fan 12 oktober; rekôrtal besmettingen
Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 12 oktober 2020, 23:05
moandei 12 oktober 2020
22:29
Mûlkapkes binne der yn allerhanne soarten....
22:23
Boargemasters Veiligheidsregio's achter maatregels
De boargemasters fan de 25 Veiligheidsregio's stean achter it pakket maatregels dat de ministers Hugo de Jonge en Ferd Grapperhaus presintearre hawwe. Neffens de boargemaster fan Leiden, tydlik foarsitter fan it Veiligheidsberaad, binne de maatregels "voor iedereen pijnlijk".
Minister Grapperhaus wol noch neat sizze oer de parsekonferinsje. "We moeten niet gaan speculeren en mensen onrustig maken. De veiligheidsregio's staan als een persoon achter het landelijke beleid. Dat heeft Nederland nodig. Het belangrijkste is dat de besmettingscijfers hoog oplopen. De reguliere zorg gaat in gevaar komen. Dat is waarom het gaat."
21:29
Strangere maatregels: hoareka ticht
Neffens RTL Nieuws sil it kabinet by de parsekonferinsje op tiisdei melde dat de hoareka hielendal ticht giet en dat nei 20.00 oere gjin alkohol mear ferkocht wurde mei.
Ek soe de grutte fan in groep weromgean nei 4 persoanen, ek yn de bûtenloft. Foar thús bliuwt dat 3.
19:47
Rekôr tal nije besmettingen
19:46
Aksje fan Reade Krús
19:43
Maatregels by Sanjes Safari
"Minsken moatte yn it foar online kaarten keapje, sa kinne we de besikersstream regulearje", fertelt Wimer Visbeek fan it park. "Oars kinne we wol sa'n 600 oant 800 minsken deis kwyt, mar no meie der net mear as 150 man tagelyk binnen. Dan kinne we oan alle maatregels foldwaan. Ek soargje we derfoar dat der gjin wachtrige is, want we ferkeapje 30 tickets it kertier."
19:41
Noed by GGD oer hege tal besmettingen
294 nije besmettingen yn Fryslân binne dizze moandei meld, en dat wylst it der snein noch 179 wiene en dat wie al in flink rekôr. "It hege oantal hat te krijen mei in administrative ynhelslach fan juster en hjoed. We hoopje dat de sifers fan moarn ôf wer better betrouber binne. De sifers fan ôfrûne wike wienen eins krekt wat mear as wat we meld ha", seit Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân. "Deisifers sizze net sa folle, moatst sjen nei de trend yn in wike. Mar it rint wol op, dat hienen we ek wol ferwachte. It gong elke kear oer de kop yn in pear dagen. Dy eksponinsjele groei is der wat ôf, mar it rint noch hieltyd omheech en dêr wurdst net bliid fan."
19:18
Fragen by Harkemase Boys
It kabinet leit de amateursport oan bannen. Boppe de 18 jier meie amateurs net mear yn teamferbân sporte. Dat is ien fan de maatregels dy't it kabinet tiisdei bekend makket om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Troch de kompetysjes stil te lizzen, wurdt der net mear sa'n soad reizge, is it idee. De heechst spyljende amateurfuotbalklup yn ús provinsje is Harkemase Boys.
17:36
"Inkeld needsaaklike reizen en gjin teamsport mear"
De nije coronamaatregels dy't it kabinet oankundiget, reitsje benammen it iepenbier ferfier, de amateursport en de hoareka. Dat sizze boarnen tsjin de NOS. Sa soe der in ferbod komme op alle amateursporten boppe de 18 jier en mei it iepenbier ferfier inkeld foar needsaaklike reizen brûkt wurde. Oft de hoareka hielendal ticht moat of dat de iepeningstiden beheind bliuwe, dêr wurdt noch oer praat.
18:25
Noed oer reguliere soarch yn sikehûzen
Mei it rap tanimmende tal coronabesmettingen meitsje de sikehûzen har klear foar mear pasjinten mei it firus. Lanlik wurdt sels sprutsen oer in tsunami fan coronagefallen. Dat hat grutte gefolgen foar de oare soarch yn de sikehûzen. De reguliere soarch is yn ús provinsje noch net ôfskaald, mar de situaasje feroaret mooglik wol, seit Daan van den Broek fan sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean.
16:17
Wannear wurdt coronasituaasje yn Fryslân earnstich?
It wurdt hieltyd slimmer mei de corona yn Fryslân. Dat is ûnder oare te sjen oan de 'sinjaalwearde', dy't de lêste dagen rap heger en heger wurdt. De teller stiet moandei op 158 en dêrmei is de krityske grins berikt. In hurd oprinnende sinjaalwearde kin in reden wêze om ta strangere maatregels oer te gean.
Lês ek:
16:08
Restaurant Thialf bliuwt ticht
It restaurant fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean bliuwt ticht. Dat is de útkomst fan in oerlis tusken de gemeente Hearrenfean en de direksje fan Thialf. Earder hie boargemaster Van der Zwan sein dat it restaurant iepenbliuwe koe, omdat it neffens him om in horekagelegenheid giet. Mar foarsitter Buma fan de Veiligheidsregio hat sein dat it ticht moat. Buma hat it restaurant fan de iishal yn Ljouwert ek slute litten, omdat it sjoen wurdt as in sportkantine. En neffens de lanlik regels moatte dy ticht.
Boargemaster van der Zwan jout him der by del dat it restaurant fan Thialf ticht moat. Hy fynt dat binnen ien feilichheidsregio net ferskillende besluten naam wurde moatte.
15:59
Iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal giet net troch
It bestjoer sjocht net hoe se it OFK toernooi dit jier op in feilige en ferantwurde wize organisearre kinne. It OFK, iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal is altyd yn jannewaris.
15:25
Minister: genôch beskermingsmiddels foar soarchsektor
Der binne genôch beskermingsmiddels foar soarchmeiwurkers om in twadde coronaweach oan te kinnen. It giet dan om regulier en preventyf brûken fan medyske mûlkapkes, moffen en isolaasjejassen. Dat stiet yn in ûndersyk fan it minstearje fan Folkssûnens, útfierd yn opdracht fan soarchminister Tamara van Ark.
14:54
Ek yn hiel Nederlân rekôrtal nije coronabesmettingen
Yn hiel Nederlân binne tusken sneintemoarn en moarndeitemoarn 6.854 nije coronagefallen meld, in nij deirekôr. It RIVM melde op sneon 6.499 positive tests en op snein 6.375.
Yn de ôfrûne sân dagen binne mear as 41.000 nije coronabesmettings konstatearre.
14:30
Spesjalisten ferwachtsje strangere maatregels fan it kabinet
De Federatie Medisch Specialisten (FMS) ferwachtet strangere maatregels fan it kabinet tsjin it coronafirus. Neffens harren begjint de twadde weach op in tsûnamy te lykjen. "De enige kans die we maken als samenleving is als we gezamenlijk verantwoordelijkheid nemen voor dit probleem", seit Peter Paul van Benthem, de foarsitter fan de federaasje.
Medyske spesjalisten binne benaud dat der yn novimber sa'n 5.000 coronapasjinten yn it sikehûs lizze as it belied net feroaret. Dat is fjouwer kear safolle as no. Yn dat gefal soe sa'n 70 prosint fan de reguliere soarch net mear jûn wurde kinne. Dat is mear as yn de earste weach fan ôfrûne foarjier.
14:25
Rekôrtal nije Fryske besmettingen: 294
Der binne yn Fryslân 294 nije coronagefallen bykommen. Dat is heechste oantal dat der oant no ta yn ien dei bykommen is. Snein wiene it der 179.
Yn Ljouwert binne de measte minsken posityf test: 87. Ek Súdwest-Fryslân skoart heech mei 44 nije besmettingen. Yn Smellingerlân en De Fryske Marren binne beide 24 besmettingen bykommen.
Coronasifers fan 12 oktober
Gemeente: | Tal besmettings: |
Achtkarspelen | 16 |
It Amelân | 3 |
Dantumadiel | 8 |
Eaststellingwerf | 10 |
Flylân | 1 |
De Fryske Marren | 24 |
Harns | 7 |
Hearrenfean | 18 |
Ljouwert | 87 |
Noardeast-Fryslân | 6 |
Opsterlân | 6 |
Skiermûntseach | 0 |
Skylge | 5 |
Smellingerlân | 24 |
Súdwest-Fryslân | 44 |
Tytsjerksteradiel | 10 |
Waadhoeke | 14 |
Weststellingwerf | 11 |
Totaal: | 294 |
14:20
Gjin publyk yn Woudagemaal
De dagen dat it Woudagemaal op 'e Lemmer dizze wike yn wurking is, meie der gjin taskôgers by wêze. Dat hat Wetterskip Fryslân besletten. Troch it hege tal coronabesmettings en de fitale funksje fan it Woudagemaal wol it wetterskip de feiligens en sûnens fan personiel, frijwilligers en besikers net yn gefaar bringe.
It ûnder stoom bringen fan it gemaal giet wol troch foar it oplieden fan betsjinjend personiel.
12:45
Gjin 'En nu allemaal oprotten!' yn Warkum
Dit jier galmet der gjin 'En nu allemaal oprotten!' oer it wetter fan de haven yn Warkum. Fanwege it coronafirus kin de jierlikse Strontrace net trochgean. En dus is it stil yn de haven. "Het is een beetje saai", jout Jantien Milders fan de organisaasje ta. "We hebben heel lang gediscussieerd en uiteindelijk besloten dat het echt niet kan dit jaar. De gemeente wilde weten hoe we de afstand tussen het publiek op de dijk gingen handhaven. Met duizend mensen die meelopen, gaat je dat gewoon niet lukken."
Wol daget de organisaasje skippers út om de tocht digitaal te farren en in sjoernaal te skriuwen. "Ze kunnen op de computer beschrijven waar ze zijn en net doen alsof ze toch aan het zeilen zijn. Er is een aantal schippers die al heeft aangegeven dat te gaan doen."
12:25
38 corona-opnames yn Fryske sikehuzen
Yn de Fryske sikehûzen lizze op it stuit 38 minsken fan wa't tocht wurdt dat se it coronafirus hawwe Fan harren lizze 32 op in gewoan sikehûsbêd, dat is twa kear safolle as ein ferline wike, doe't foar it lêst sifers nei bûten kamen. Seis minsken lizze op de intensive care. Dat sifer is gelyk bleaun.
Yn de noardlike sikehûzen mei elkoar lizze no tachtich minsken mei nei alle gedachten it coronafirus. Likernôch in fjirde part dêrfan komt fan bûten de regio.
12:22
CDU: "Kom net nei Dútske krystmerken"
De Dútske politike partij CDU yn Noordrijn-Westfalen ropt Nederlanners op om dit jier net nei de krystmerken te kommen. Alle jierren gean hûndertûzenen Nederlanners nei krystmerken yn Düsseldorf, Keulen, Essen en Oberhausen. Fanwege de coronabesmettings hopet it CDU dat minsken dit jier thús bliuwe.
11:30
Coronapasjinten stjerre earder by operaasjes
Pasjinten dy't besmet binne mei it coronafirus en dy't operearre wurde moatte, rinne fjouwer kear safolle it risiko dat se komme de stjerren as net-besmette pasjinten. Dat docht bliken út in grut lanlik ûndersyk ûnder 24 soarchynstellingen. It UMCG yn Grins hie de lieding by dit ûndersyk wêrby't 503 pasjinten folge waarden.
10:50
Museum De Spitkeet op De Harkema ticht
Ien fan de frijwilligers hat corona ûnder de lea, sa hat bliken dien. Ut foarsoarch is it museum dizze wike ticht. De aktiviteiten fan de Ferdivedaasjewike fanwege de hjerstfakânsje gean net troch.
10:31
Nachtkafee yn Ljouwert bliuwt ticht
Menno Elzinga wol syn Classic Rockcafé Elzibar net earder iepen dwaan no't de nacht 'ôfskaft' is fanwege de coronamaatregels. De iepeningstiden binne fan 21:00 oant 05:00 oere.
De ôfrûne tiid hat Elzinga nei eigen sizzen bot syn bêst dien om oan de coronaregels te foldwaan. Dat kostet him jild en dus fertsjinnet er minder, en it is ek nochris min foar de sfear yn it kafee. Sjoch de sluting mar as in protest tsjin it belied fan it kabinet dat it nachtlibben kapotmakket, skriuwt er op Facebook.
10:17
Plysje hat hannen fol oan corona
Boargemasters moatte der skerper op tasjen wat wol en net trochgean kin en mei hoefolle minsken. De plysje hat it smoardrok en der is personielskrapte yn it hiele lân, seit plysjefakbûn ANPV tsjin Omroep West. Sa soene der minder dielnimmers tastien wêze moatte op demonstraasjes.
09:48
Longôfdieling MCL is wer iepen
De longôfdieling yn sikehûs MCL yn Ljouwert is wer iepen. De ôfdieling moast begjin dizze moanne ticht om't der meardere coronabesmettings fêststeld wiene by meiwurkers op de ôfdieling. Alle pasjinten op de ôfdieling binne fuort dêrnei test, mar dêr kamen gjin nije positive tests út.
De ôfdieling hat yn totaal in dikke wike ticht west, en yn dy tiid binne der gjin nije besmettings bykaam. De soarch is yn de tuskentiid ferskood nei oare sikehûzen. Pasjinten dy't de kommende tiid ôfspraken hawwe op de longôfdieling yn Ljouwert kinne der fan no ôf wer telâne.
09:45
Plasma tsjin corona
Undersikers fan sikehûs Erasmus MC yn Rotterdam en it LUMC yn Leiden starte hjoed mei in ûndersyk om te sjen oft se mei antystoffen út plasma kwetsbere âlderen beskermje kinne tsjin it coronafirus. Pasjinten krije plasma fan minsken dy't earder corona hân hawwe en hersteld binne.
08:50
Hoe sjogge dy strangere maatregels der út?
Yn de parsekonferinsje fan moarntejûn sille nei alle gedachten de strangere coronamaatregels bekend makke wurde. Neffens polityk ferslachjouwer Xander van der Wulp fan de NOS giet it dan om saken lykas noch mear thúswurkje, minder besite thús en it ferlytsjen fan de groepsgrutte. No meie der noch 30 minsken byinoar wêze as se genôch ôfstân fan elkoar hâlde kinne. Ek útstapkes sille beheind wurde. "Meer thuisblijven, minder uitstapjes, eigenlijk niet meer voor de lol op pad", fettet Van der Wulp de maatregels gear.
08:15
Tal falliseminten giet bytsje omheech
It tal bedriuwen dat ôfrûne moanne fallyt gong, is in lyts bytsje omheech gong. Dat meldt it CBS. Yn totaal gong it om 211 bedriuwen en ynstellings dy't yn septimber de doarren slute moasten. Yn dat sifer binne ienmanssaken net meiteld.
08:10
Reade Krús iepenet gironûmer
It Reade Krús iepenet hjoed gironûmer 7244 om jild yn te sammeljen foar tûzenen Nederlanners dy't gjin jild mear ha om iten te keapjen. Neffens it Reade Krús giet it om goed 25.000 minsken dy't troch it coronafirus gjin wurk mear hawwe. It giet benammen om minsken yn de bou en de hoareka.
08:05
Advys fan it OMT
It Outbreak Management Team (OMT) sil hjoed in nij advys jaan oan it kabinet. Snein wie der in oerlis tusken it kabinet en it OMT op it Catshûs. Nei ôfrin fan dit oerlis waard bekend makke dat der yn alle gefallen strangere maatregels naam wurde sille. Nei alle gedachten wurde dizze maatregels tiisdeitejûn bekend makke yn de parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge.
08:00
Wolkom by dit liveblog fan moandei 12 oktober
Goeiemoarn en wolkom by dit liveblog fan moandei 12 oktober. Yn dit liveblog melde we it lêste coronanijs út Fryslân en de rest fan it lân. It liveblog fan snein 11 oktober is hjir nei te lêzen.