Drachtster swimbad De Welle klear foar Zwemvierdaagse

12 okt 2020 - 07:25

Nettsjinsteande it groeiende tal coronabesmettings giet de Zwemvierdaagse yn swimbad De Welle yn Drachten gewoan troch. De organisaasje is der wis fan dat it grutste swimevenemint fan Nederlân feilich plakfine kin. "We hebben de zwemvierdaagse wel anders moeten inrichten, maar doorgaan kan zeker", fersekeret teamlieder Mireille Bardis fan De Welle.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Alle jierren is de Zwemvierdaagse yn De Welle fêste prik yn de hjerstfakânsje. Gewoanwei dogge der sa'n 170 dielnimmers oan it evenemint mei. Mar dit jier ferwachtet Bardis dat it tal dielnimmers mooglik wat leger lizze sil, om't minsken foarsichtiger binne no't it tal coronabesmettings rap tanimt. "Vooralsnog hebben we meer dan voldoende ruimte om alle mensen die mee willen doen de ruimte te geven."

Swimme mei hindernissen

Jeugd kin meidwaan oan it evenemint fan 250 meter, folwoeksenen kinne kieze út 500 of 1000 meter deis. Bardis: "We bieden daarnaast een alternatieve zwemvierdaagse aan. Dat is zwemmen met een hindernissenparcours. De laatste jaren is dat een groot succes geweest. De meeste jeugd kiest voor een parcours met extra uitdagingen."

It bad foar dysels

Om der foar te soargjen dat alle dielnimmers genôch ôfstân fan elkoar hâlde, hat De Welle in tal foarsoarchsmaatregels naam. "We hebben het 50 meter-bad volledig gereserveerd voor de Zwemvierdaagse", leit Bardis út. "Ook het subtropische recreatiebad en de glijbaan zijn open voor de deelnemers aan de Zwemvierdaagse. Daarmee verspreiden we het publiek, zodat er genoeg ruimte is voor iedereen."

Ynskriuwe foar de Zwemvierdaagse kin noch op de webside fan Sportbedrijf Drachten.

Mireille Bardis fan swimbad De Welle

(Advertinsje)
(Advertinsje)