Miljoen fossylfrije kilometers net helle, organisaasje wól tefreden

12 okt 2020 - 07:01

It is net slagge om yn it Fossylfrije Wykein yn trije dagen tiid 1 miljoen fossylfrije kilometers te meitsjen yn Noard-Nederlân. Uteinlik kaam de teller út op 'mar' 100.000 kilometer. Dochs is de organisaasje tefreden. "Wy ha in hiel soad nije minsken witte te berikken."

Foto: Shutterstock.com (Glitterstudio)

Tûzen minsken yn it Noarden hawwe it ôfrûne wykein meidien, fertelt organisator Bouwe de Boer. "Wy ha mei elkoar 100.000 miljeufreonlike kilometers makke. Dat is by lange nei net wat wy as doel hienen, mar dat doel wie ek net realistysk mear fanwege de coronamaatregels. In hiel soad minsken moasten thús wurkje en makken dus gjin kilometers. En in stik fan it programma ha wy sels skrasse moatten fanwege de coronamaatregels."

De fundearring lizze

Dochs is De Boer tige te sprekken oer it Fossylfrije Wykein. "In hiel soad minsken ha de app Movefit delhelle om harren prestaasjes by te hâlden. Dat koenen wy fia de app hiel moai folgje. Wat we sjoen ha, is dat der in hiel soad doarpen fanatyk meidien hawwe, mar ek studintegroepen. Al dizze dielnimmers hawwe harren taret op de echte fossylfrije wiken yn 2021. Wy ha om samar te sizzen de fundearring lein."

Kompetysje opstarte

Ek de kommende wiken kinne brûkers fan de app gewoan harren fossylfrije kilometers byhâlde. De Boer: "Wy wolle graach dat ek wurkjouwers dizze app brûke om mei groepen in soart kompetysje te starten. Tink bygelyks oan de fitste meiwurker fan de moanne."

Bouwe de Boer fan de organisaasje

(Advertinsje)
(Advertinsje)