Rekôrtal deariden otters ferwachte op Fryske diken

12 okt 2020 - 06:15

Der sit in nij jierrekôr oan deariden otters oan te kommen. Ferline jier waarden der 53 otters deariden op de Fryske diken, mar saakkundige Harrie Bosma fan de Zoogdierenvereniging ferwachtet dat it der dit jier mear as 60 wurde. No al binne der 51 bisten deariden, benammen op de grutte diken. De measte otters sneuvelje op de A7 en de A32.

Rekord oantal deariden otters kommendewei

It nije rekôrtal deariden otters komt foar in part trochdat de populaasje otters noch hieltyd tanimt. "Dêrtroch komme de bisten ek bûten de natuergebieten", seit Bosma. Mar ek it ûnderhâld fan besteande foarsjennings om de bisten by de dyk wei te hâlden, lit te winskjen oer. Bosma trunet oan op bettere maatregels op grutte diken om de otters te beskermjen.

Rykswettersteat ûndernimt aksje

Rykswettersteat hat tasein binnen no en fjouwer wiken skansearre wyldroasters op de A6 reparearje te litten. Dat hat langer duorre, omdat it wurk fan ien oannimmer oergong nei in oar. Fierders besiket de organisaasje boppe wetter te krijen wat it oandiel is fan de Fryske grutte diken yn it tanimmende oantal deariden otters.

Rykswettersteat wol mei de sûchdiereferiening sjen op hokker plakken der noch mear dien wurde moat om de otters te helpen. Oant no ta wiene it benammen mantsjes dy't dea riden waarden, mar no nimt it tal wyfkes ek ta. Dat hat mei de tiid fan it jier út te stean.

Saakkundige Harrie Bosma mei de 51ste deariden otter fan Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Saakkundige Harrie Bosma

(Advertinsje)
(Advertinsje)