Minne dei foar Bouwmeester, no fjirde yn EK-klassemint

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat snein in minne dei hân op it EK Laser Radial yn Gdansk. Bouwmeester einige yn de race as tweintichste en sakke dêrmei werom nei it fjirde plak yn it klassemint.
Marit Bouwmeester op it wetter yn Poalen © Thom Touw
De sylsters giene dêrnei nochris it wetter op, mar dy wedstriid gie net troch om't der te min wyn wie. Om't Bouwmeester snein har twadde sjuerystraf krige, mei se moandei net yn aksje komme.
Anne-Marie Rindom út Denemarken giet oan kop yn it EK-klassemint.