Hanny Palmen oer boek De verkeerde afslag: "Heel confronterend"

11 okt 2020 - 20:08

Hoe kinne je yn in grutte delgeande spiraal yn je libben komme, en hoe komme je der wer út? Hokker karren beynfloedzje je sa dat je hieltyd fierder yn 'e problemen komme? It binne tema's yn it boek De verkeerde afslag fan Hanny Palmen.

Foto: Simone Scheffer

Yn 2003 waard se it earste steatelid foar de SP yn Fryslân. Yn 2005 ferliet se de Fryske polityk. Yn 2007 waard se beskuldige fan fraude mei jild dat bestimd wie foar it stypjen fan de fraksje. Jild dat op har eigen rekken kaam wie. Se waard troch de rjochter feroardiele foar de fraude. Palmen fertelt hoe't it safier kaam en wat de gefolgen wiene. Dêrnei gie it libben hieltyd dreger.

It boek giet ek oer de leafde foar har man René, dy't psychysk kwetsber is en oer oare problemen dy't harren dêrnei opsteapelen. Sa wie der grutte skamte by har oer de saak fan it fraksjejild en hie se ek gjin kâns mear op in goeie baan.

Libben en polityk

Yn De verkeerde afslag fertelt Palmen iepenhertich oer har libben, mar ek oer de wize fan polityk bedriuwen op ferskate flakken en de priveesituaasje dy't hieltyd penibeler waard. De provinsjale polityk komt oan 'e oarder, mar ek oer hoe't in partij as de SP wurke mei Jan Marijnissen en Agnes Kant. Palmen sparret harsels mar ek oaren net yn har ferhaal.

Op dit stuit giet it wer better mei it âld-steatelid. Se hat, sa't se it sels seit, de goeie ôfslach wer fûn, neidat it djiptepunt wie dat har man fanwegen drugshannel yn de finzenis telâne kaam. Dat wie net in kwestje fan in pear jier, mar hat folle langer duorre.

Konfrontaasje

Oer de iepenhertichheid yn it boek seit Hanny Palmen: "Het is heel confronterend als je het opschrijft en weer terugleest, maar ik kan die confrontatie met mezelf aan. Ik vind het niet erg om me kwetsbaar op te stellen."

Foto: Simone Scheffer

Hanny Palmen oer har boek De verkeerde afslag

(Advertinsje)
(Advertinsje)