Ferwûne by stekpartij yn Ljouwert, dieder noch net fûn
Op de Wirdumerdijk yn Ljouwert hat sneintejûn in stekpartij west. Ien persoan is ferwûne rekke en wurdt yn it sikehûs behannele. De dieder is noch net oantroffen troch de plysje.
De plysje is begûn oan in spoare-ûndersyk en besiket ek mei tsjûgen te praten. Wat der sneintejûn krekt bard is, is net dúdlik.