Ferskil earm en ryk: dûbeltsjes wurde yn Harns net gau kwartsjes

Wa't yn Fryslân opgroeit yn in earme famylje, hat letter folle minder kâns op in heech ynkommen. It ferskil tusken it lettere ynkommen fan bern út earme en rike wiken kin tsientûzenen euro's wêze. Dat docht bliken út ûndersyk fan De Volkskrant. Yn Harns is it gemiddelde ynkommen it leechst fan Nederlân: 22.195,52 euro. Yn Laren is it it heechst: 34.450,65 euro.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It byld fan Harns is net unyk yn Fryslân. Ek yn bygelyks Achtkarspelen en Ljouwert spylje deselde problemen. Yn Harns is de wyk Plan Zuid ien fan de wiken dêr't minsken mei in leech ynkommen wenje. PvdA-riedslid Bartele Boersma, ûnder mear ferantwurdlik foar folkshúsfêsting, herkent it byld út it ûndersyk wol. "Dit wie altyd al in wyk dêr't de minsken minder kânsen ha. Der sieten hjir minsken byinoar dy't help nedich hiene, mar it net krigen. Se krigen net de stipe dy't se nedich hiene om har te ûntwikkeljen. Dêr hawwe wy as gemeente Harns ek bot yn ynvestearre."
In soad fan de âldere wenten ha plak makke foar nijbou. Minsken mei problemen kinne op alle mooglike wizen help en ek finansjele stipe krije.

Skuld fan it systeem

Heechlearaar Maarten van der Ham neamt de regionale ferskillen yn De Volkskrant ferûntrêstend. Boersma is it dêr mei iens. Hy neamt it sels in systeemflater. "It moat net sa wêze dat minsken yn earmoede libje. Minsken meie in ferkearde kar meitsje, mar as oerheid moatte je der dan wol stean om se te helpen."
In better salaris foar bygelyks timmerlju of lassers soe dêr al by helpe, tinkt Boersma. "Jild is gewoan belangryk; stel dat je betiid wurkje moatte om't dyn âlden skulden hawwe? Jild kin belangryk wêze om kânsen te pakken."
Der binne ek grutte ferskillen tusken de earmere regio's ûnderling. As je Fryslân fergelykje mei Brabân, dan fertsjinje se dêr al gau trijetûzen euro yn it jier mear as hjir. Mar ek tichterby binne al grutte ferskillen. Bern dy't earm opgroeie yn in stedske omjouwing, fertsjinje letter in dúdlik leger ynkommen as bern út like earme húshâldingen út foarstêden of doarpen. It giet dan al gau om sa'n twatûzen euro.
By it ûndersyk binne de CBS-gegevens brûkt om it ynkommen fan goed ien miljoen minsken te fergelykjen mei dat fan harren âlden. Alle ûndersochte minsken binne berne yn de jierren '80 en no tritigers.
Neffens Boersma leit der yn it belied fan de oerheid yn it ferline en no tefolle de fokus op de plakken dy't al winne. "Dat sjogge je bygelyks ek yn 'e lobby foar de Lelylijn. Dêr wurdt folle minder yn ynvestearre as bygelyks de Noord-Zuidlijn yn Amsterdam." De ferbining soarget foar mear mobiliteit. Dat jout wer kânsen, sa tinkt Boersma.
It berjocht giet yn Harns al rûn yn ferskate groepen op sosjale media. De reaksjes binne ferskillend, mar ek fan 'wêr bemoeie se harren mei'. Want as je gelokkich binne, wêrom moatte je dan perfoarst mear?" Dat hoecht ek net, fynt Boersma. "Ien út Harns of sis Koatstertille moat allinnich wol deselde kânsen ha as ien út Laren. Dat is no gewoan net sa, en dat is net earlik."
Riedslid Bartele Boersma fan de PvdA oer Harns