Trainer Henk de Jong: "It wie goed sa, mar wy misse de tolfde man"

"Wy hiene der noch wol folle mear by sjitte kinnen, mar it wie goed sa." Dat sei trainer Henk de Jong fan de Ljouwerters nei de romme oerwinning op FC Dordrecht sneintemiddei. Cambuur wûn mei leafst 5-0 fan de besikers.
Trainer Henk de Jong fan Sportklup Cambuur:
Henk de Jong
Neffens De Jong hat syn ploech goed spile snein, mar giene syn fuotballers wol wat te sleau mei de romte om. Hy fynt dat ûnder dizze omstannichheden lykwols ek net sa frjemd. "Der sit gjin leven yn", doelt de trainer op it lege Cambuurstadion. "Us minsken binne der net, en dan moatst it wol even dwaan. Dat is sa lestich. Wy hawwe normaal ús stadion fol, wy misse de tolfde man."

Blessuere Kallon

In minpuntsje foar Cambuur is dat gongmakker Issa Kallon mooglik inkelde wiken net spylje kin. Hy waard oan de ein fan de earste helte wiksele mei in hamstringblessuere. De Jong: "De kâns is der dat Kallon in pear wiken ôfwêzich is."
Doelpuntemakker Giovanni Korte:
Giovanni Korte
Ien fan de doelpuntemakkers wie snein Giovanni Korte. Hy kaam foar de blessearre Kallon yn de ploech, skoarde twa kear en koe dêrmei weromsjen op in kreaze wedstriid. "Het was een fijne invalbeurt. Maar we hadden het zeker in de tweede helft nog wel verder uit kunnen breiden."

"Draad weer opgepakt"

Dochs sjocht Korte dat Cambuur him wer hersteld hat nei inkelde meagere wedstriden yn it begjin fan it seizoen. "Het loopt en we hebben de draad weer opgepakt van waar we waren. Je ziet het weer, het zelfvertrouwen is weer aanwezig. Zo doorgaan."
SC Cambuur - FC Dordrecht 5-0 (3-0) 19. Mühren 1-0; 22. Mühren 2-0; 33. Breij 3-0; 71. Korte 4-0; 90+3. Korte 5-0.
Opstelling Cambuur: Stevens, Mac-Intosch (83. Bangura), Schouten, Schmidt, Hoedemakers, Kallon (44. Korte), Jacobs, Paulissen (74. Maulun), Breij (74. Antonia), Mühren, Sambissa (74. Kramer).