Kreaze kompetysjestart foar follybalsters VC Snits

11 okt 2020 - 17:17

De follybalsters fan VC Snits hawwe snein harren earste kompetysjewedstriid fan it nije seizoen winnend ôfsletten. De Snitsers wûnen mei 3-0 yn sets (25-22; 25-23; 25-18) fan FAST út Gennep.

Trainer/coach Jeffrey Scharbaai:

VC Snits trainer/coach Jeffrey Scharbaai

Yn de earste set bleau it in skoft spannend. VC Snits rûn úteinlik út en koe de marzje yn de earste set behâlde: 25-22. Ek de twadde set wie spannend. FAST kaam op in foarsprong fan 10-12, mar Snits koe wol wer bykomme en pakte sels noch de set: 25-23. Yn de lêste set kamen de Snitser froulju net echt mear yn 'e problemen: 25-18.

VC Snits-spiler Jasmijn Akse:

VC Snits spiler Jasmijn Akse

Nije wike sneon hopet VC Snits de twadde kompetysjewedstriid yn Ootmarsum tsjin Set-Up te spyljen. Yn de earste kompetysjeronde wiene lykwols al twa duels ôfsein fanwegen corona, dus in soad sil ek ôfhingje fan wat it regear bekend meitsje sil kommende tiisdei oer eventuele oanskerpingen fan maatregels.

Foto: Orange Pictures
Trefwurden: 
follybal VC Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)