Klinkende oerwinning foar Cambuur tsjin FC Dordrecht

11 okt 2020 - 16:21

Sportklup Cambuur hat sneintemiddei in klinkende oerwinning behelle yn de thúswedstriid tsjin FC Dordrecht. Yn Ljouwert wûn de ploech fan trainer Henk de Jong mei 5-0 fan de besikers, dy't it Cambuur eins gjin momint echt dreech makken.

Foto: Orange Pictures

Al yn de sechde minút krige Cambuur in grutte kâns om de skoare te iepenjen. In oertrêding fan Özgür Aktas op Issa Kallon waard troch de skiedsrjochter bestraft mei in penalty. Robert Mühren stie achter de bal mar skeat op 'e latte en seach de bal dêrnei oer de goal ferdwine.

Wer in penalty

Goed tsien minuten letter mocht Mühren foar de herkânsing. Cambuur krige wer in penalty, nei't Julius Bliek de bal mei syn hân oanrekke. No makke Mühren de strafskop wol ôf: 1-0 foar de Ljouwerters.

De gasten út Dordrecht hiene foarearst gjin antwurd op it spul fan Cambuur. Mühren ferdûbele de skoare yn de 22e minút. Ut in foarset tikke hy de bal by de earste peal binnen. Tsien minuten letter kaam Cambuur op 3-0 troch in doelpunt fan Michael Breij.

Cambuur set troch

Ek yn de twadde helte sette Cambuur troch. Breij krige wer kâns op in doelpunt, mar kaam krekt tekoart om te skoaren. Ek dêrnei wiene der in soad kânsen foar de Ljouwerters, mar pas yn de 71ste minút kaam de 4-0 op it skoareboerd. Giovanni Korte skeat de bal hurd achter keeper Anthony Swolfs fan Dordrecht, dy't de bal noch wol oanrekke.

Yn de ekstra tiid fan de wedstriid makke Korte syn twadde doelpunt fan de wedstriid. Dêrmei besleat hy de romme en oertsjûgjende winst fan Cambuur.

SC Cambuur - FC Dordrecht 5-0 (3-0) 19. Mühren 1-0; 22. Mühren 2-0; 33. Breij 3-0; 71. Korte 4-0; 90+3. Korte 5-0.

Opstelling Cambuur: Stevens, Mac-Intosch (83. Bangura), Schouten, Schmidt, Hoedemakers, Kallon (44. Korte), Jacobs, Paulissen (74. Maulun), Breij (74. Antonia), Mühren, Sambissa (74. Kramer).

(Advertinsje)
(Advertinsje)