Goud foar Clevering en Van der Bij by EK roeien yn Poalen, brûns foar Jorritsma

11 okt 2020 - 13:45

Ymkje Clevering en Jan van der Bij ha goud wûn op it Europeesk kampioenskip roeien. Yn it Poalske Poznan pakten se beiden goud yn de fjouwer sûnder stjoerman. Der wie in brûnzen medalje foar Aletta Jorritsma mei de Holland Acht.

Foto: ANP

De titel foar Jan van der Bij yn de fjouwer sûnder stjoerman wie in grutte stunt. Se hiene harren fia de herkânsingen pleatst foar de finale. Yn de heats waarden se noch fjirde efter Dútslân, Italië en Eastenryk. Dêrtroch moasten se fia in herkânsingsronde nei de heale finale.

Jan van der Bij

Yn de heale finale waarden se twadde efter Poalen. Al dizze lannen holden se efter harren. Yn in taktyske finale waard Nederlân earste mei in tiid fan 6.01,70. Italië waard twadde mei 6.04,05 en Poalen tredde yn 6.05,08. Van der Bij roeit mei Boudewijn Roell, Sander de Graaf en Nelson Ritsema.

Wer de sterkste

Ymkje Clevering wûn ferline jier ek al goud yn Luzern mei deselde froulju. Dit kear wiene se wer de sterkste. Se wiene goed fiif sekonden rapper as de nûmer twa Italië en seis sekonden flugger as Ierlân.

Ymkje Clevering

De frouljusboat bestiet njonken Clevering út Ellen Hoogerwerf, Karolien Florijn en Veronique Meester.

Jorritsma pakt brûns

Aletta Jorritsma pakte mei de Holland Acht in brûnzen medalje. De roeister út Tsjummearum wie yn in fûle striid om in sulveren medalje mei Dútslân. Op de finish skeelde it mar fjouwer tsiende fan in sekonde, yn it foardiel fan Dútslân. Roemenië pakte mei oermacht de Europeeske titel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)