Plysje docht ûndersyk nei brânstichting yn Drachtster wenning

11 okt 2020 - 13:09

De technyske resjerzje is in ûndersyk begûn nei brânstichting yn in wenning oan de Roerdompstrjitte yn Drachten. Yn it hûs bruts sneontejûn brân út. Neffens omstanners wie efter de wenning in rút forsearre. De plysje hat it pân bestimpele as 'plaats delict'.

Foto: ProNews

Yn en om de wenning is sneintemoarn ûndersyk dien troch de technyske resjerzje. Dêrby waarden ek spesjale plysjehûnen ynset.

De útkomst fan it ûndersyk is noch net bekend. By de brân rekke net ien ferwûne, wol is der reek- en wetterskea oan it pân.

(advertinsje)
(advertinsje)