Liveblog | 11 oktober 2020

Coronanijs 11 oktober: Nij deirekôr yn Fryslân mei 179 besmettingen

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 12 oktober 2020, 08:12
21:30

Ein fan dit liveblog:

Oant safier dit liveblog oer it coronafirus fan snein 11 oktober 2020. Moandeitemoarn binne wy der wer mei in nij liveblog. Elkenien tank foar it folgjen.
© Shutterstock
17:57

Wer mear pasjinten yn Nederlânske sikehuzen

It tal coronapasjinten yn de Nederlânske sikehuzen is snein fierder oprûn nei 1233. Dat binne der 43 mear as in dei earder. Dat meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). Der lizze no 247 coronapasjinten op de intensive cares.
14:15

179 nije besmettingen, nij deirekôr

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren 179 ynwenners fan Fryslân posityf test op it coronafirus. Dat binne der 65 mear as sneon. It is in nij deirekôr. De measte nije besmettingen binne yn de gemeente Ljouwert. Dêr ha 52 minsken posityf test op it firus. Yn Súdwest-Fryslân wiene it der 24. Der binne de ôfrûne 24 oeren gjin minsken mei corona opnaam yn it sikehûs en ek binne der gjin nije stjergefallen meld.

Oantal coronabesmettingen yn de ôfrûne 24 oeren de gemeente

Gemeente Oantal besmettingen
Achtkarspelen 7
Amelân 2
Dantumadiel 3
Eaststellingwerf 6
Flylân 0
De Fryske Marren 13
Harns 4
Hearrenfean 13
Ljouwert 52
Noardeast-Fryslân 5
Opsterlân 5
Skiermûntseach 0
Skylge 4
Smellingerlân 11
Súdwest-Fryslân 24
Tytsjerksteradiel 7
Waadhoeke 19
Weststellingwerf 4
Totaal: 179
13:58

Nijsfoarum Buro de Vries oer corona

Yn it nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries gie it benammen oer, hoe kin it ek oars, corona. Presintator Simone Scheffer diskusjearre mei de foarumleden húsdokter Berber Pieksma, direkteur fan Izore Annemarie van Elsacker en VVD-keamerlid Aukje de Vries ûnder oare oer de impact dy't it coronafirus op ús hat. Hoe stean we der foar, wat binne wol en wat binne net goeie maatregels? Wat is de bêste manier om de coronakrisis oan te pakken, op sawol medysk as ekonomysk flak?
Harkje hjirûnder nei de diskusje tusken Pieksma, Van Elsacker en De Vries:
Nijsfoarum Buro de Vries
© Omrop Fryslân
11:21

Coming Out Day sûnder aktiviteiten

Yn de hiele wrâld is it Coming Out Day, de dei foar de akseptaasje fan minsken mei in oare seksuele aard of genderidentiteit. Op hast alle gebouwen fan de Nederlânske oerheid wapperet dêrom de reinbôgeflagge en ek yn ferskate gemeenten yn Fryslân is de flagge te sjen. Yn de measte gefallen al sûnt freed, want foar de snein jildt in oare flagge-ynstruksje. Der binne gjin manifestaasje en eveneminten, om't der fanwege de coronakrisis gjin groepen gearkomme meie.
Op it Provinsjehûs yn Ljouwert wapperet de reinbôgeflagge foar it earst op Coming Out Day.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
10:25

Fia de post stimme?

As der yn maart fia de post stimd wurde kin foar de Twadde Keamerferkiezingen, tinkt in tredde fan de minsken dy't stimme wolle dizze opsje te brûken. Dat docht bliken út in peiling fan Maurice de Hond. It kabinet ûndersiket de mooglikheid om fia post te stimmen, fanwegen it coronafirus.
Wurdt dat net mooglik, dan tinkt 11 prosint fan de minsken dy't wol stimme wolle dat dochs net te dwaan. As stimmers thúsbliuwe, soe dat neffens De Hond negatyf útpakke kinne foar partijen as CDA, ChristenUnie, PvdA, Partij voor de Dieren, SP en 50PLUS. De partijen FVD, D66 en PVV soene der it minste lêst fan ha.