FIDEO: Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

11 okt 2020 - 13:55

Omrop Fryslân stjoerde snein wer live in tsjerketsjinst út. Der is opnij in soad fraach nei online tsjinsten, om't der mei de nije coronamaatregels minder minsken fysyk yn tsjerke sitte kinne. Omrop Fryslân hat yn 'e maitiid ek tsjinten útstjoerd, doe't dy hast allegear ferfoelen yn ferbân mei it coronafirus. We stjoere de tsjerketsjinst yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert út. Foargonger is dûmny Jan Jaap Stegeman. Gerwin Hoekstra bespilet it oargel en Geke Bruining-Visser sjongt mei in beheind tal betûfte sjongers.

Besjoch de tsjerketsjinst hjirûnder nochris:

Klik hjir foar de liturgy fan de tsjerketsjinst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)