Brânwacht yn aksje foar wenningbrân yn Drachten

11 okt 2020 - 07:54

Yn in wenning oan de Roerdompstrjitte yn Drachten hat sneontejûn brân west. By de brân kaam flink wat reek frij. De brânwacht hie de brân rap ûnder kontrôle, wol rûn de wenning reek- en wetterskea op.

Foto: ProNews / Raymon Roersma

Om't it net bekend wie oft der noch minsken yn it pân wiene, waard ek in ambulânse ynskeakele. Der rekke lykwols net ien ferwûne.

De oarsaak fan de brân is net bekend en wurdt ûndersocht.

(advertinsje)
(advertinsje)