Tekeningen foar flot Sterke Yerke 4 binne klear

De inisjatyfnimmers fan Sterke Yerke 4 ha de finansiering foar in nij flot hast rûn. Want fjirtich jier nei't it flot Sterke Yerke 3 op de klippen rûn op Bonêre, komt der in nijen. De tekeningen binne krekt klear. Sadree't it jild allegear binnen is, kin de bou begjinne. Mei de nije Sterke Yerke set de ploech him yn tsjin fersmoarging op see.
"Binnen no en in pear moannen kinne we oan de bou begjinne", tinkt Wilfred de Jong. "Dêrnei giet it hurd." De Jong en syn mei-inisjatyfnimmers ha in foarriedige begrutting makke fan acht ton foar it hiele projekt. "De notaris en advokaat dogge alles fergees, dus dat kin fan de begrutting ôf. We ha in hiel soad frijwilligers. It bouwen fan it flot, dêr meitsje we no dy begrutting foar."

Hiel oars as earst

It binne hiel oare bedragen as wêr't de earste flotten fan de Sterke Yerke oait mei begûnen. "De earste koste 500 gûne, ynklusyf piano", laket De Jong. "Mar dy fergong dan ek op de Noardsee, ûnderweis nei Ingelân. De twadde hie sels in biertaap en dy koste ek mar 1.000 gûne. Dêrmei ha we Londen wol helle."
De tredde, de ferneamste, is strâne foar de kust fan Bonêre. "Mar we ha dochs dy oseaan oerstutsen. Mei de ûnderfining dy't we dêrmei opdien ha, bouwe we no de fjirde. Dy wurdt wol folle better en sterker as de tredde."
It bliuwt wol in flot, dat is de tradysje fan de Sterke Yerke. De Jong: "Oars kinne we likegoed in skip hiere. Nee, we wolle in flot." En mei dat flot wolle de inisjatyfnimmers dus wat dwaan oan de fersmoarging op see. "De earste twa jier wolle benammen de Waadsee befarre, om de plestikfersmoarging te mjitten."
We hoopje dat de jeugd wat better om it miljeu tinkt as dat in hiel grutte groep no docht.
Wilfred de Jong fan de Sterke Yerke
De Jong ferwiist nei de kontenerramp mei de MSC Zoe. "De fersekeringmaatskippij docht dêr lestich, want der is gjin nulmjitting. Fan alle fersmoarging wurdt sein: komt dat wol fan ús?" De Sterke Yerke-ploech wol aanst de jeugd mobilisearje. "We freegje de bern op alle skoallen by de kust del en op de eilannen om mei te farren op de Sterke Yerke. Dan lizze we oan op in sânplaat en dêr mjitte we de plestikfersmoarging. We ha wol ideeën fan hoe't we dat dwaan moatte."
Mei as grutte doel om oan te toanen dat we goed mei de ierde omgean moatte. "We wolle de jeugd edukatyf wat sjen litte: der is it avontuer, mar ek it miljeu is belangryk. We hoopje dat de jeugd dan ek wat better om it miljeu tinkt as dat in hiel grutte groep no docht."

Punt op de hoarizon

Nei twa jier Waadsee wolle de inisjatyfnimmers ek oare wetters ferkenne mei it flot. "Dan wolle we it sâlte wetter fan de Noardsee en de oseaan ek wol wer priuwe." Foar't it safier is, duorret it dus noch even, wit De Jong. "Mar ik bin al sa bliid mei de tekeningen. Der stiet no in punt op de hoarizon."
De Sterke Yerke 3 ûnderweis nei Bonêre © Sterke Yerke