Brommerrider rekket ferwûne by ûngelok op It Hearrenfean
By in ûngelok op It Hearrenfean tusken in brommer en in auto is sneontejûn ien persoan ferwûne rekke. It giet om de brommerrider. Dy is troch de ambulânse meinaam nei it sikehûs. De plysje docht op it plak fan it ûngelok, op de Trambrug, ûndersyk nei de tadracht.