Fûgelkundige Theunis Piersma wint prestizjeuze Goldman Salvin-priis

Theunis Piersma hat de BOU Goldman Salvin priis wûn. De biolooch en heechlearaar fan Gaast krijt de priis fanwegen syn wichtige bydragen oan de ornitology, de wittenskiplike stúdzje fan fûgels.
Theunis Piersma © Omrop Fryslân
De sjuery fan de BOU, de Britske Ornitologyske Uny, priizget foaral syn bydragen oan ûndersyk nei waadfûgels. Neffens de sjuery is Piersma dejinge mei de measte kennis oer migrearjende fûgels. Ek Piersma syn wurk om de wittenskip op kreative wizen te presintearjen oan in grutter publyk wurdt op priis steld. Syn ynfloed yn de wittenskiplike wrâld komt foar in wichtich part troch syn net ôflittende entûsjasme, seit de sjuery.
Piersma hat troch de jierren mear as 500 wittenskiplike artikels en 14 boeken publisearre.
Theunis Piersma oer de priis