Monumintale tribune LSC 1890 wurdt opknapt

10 okt 2020 - 21:15

Al sûnt 1928 stiet der in tribune op Sportpark Ljouwerterdyk yn Snits. It monumintale tribunegebou, ien fan de âldsten fan Nederlân, fan fuotbalklup LSC 1890, is no ta oan in opknapbeurt.

Foto: Henk Douwsma

Omdat it gebou in monumintale status hat, is it in grutte put om de boel oan te pakken. "We sette alle minsken yn dy't der ferstân fan ha, om it te ûnderhâlden foar de kommende jierren", seit foarsitter Henk Douwsma fan LSC. Der sil dan ek net folle feroarje oan de tribune. "It is benammen ûnderhâld, it ferfangen fan ferrotte planken en fervje, yn de goeie kleurstellings fan dy tiid."

In earste oprop hat al hiel wat frijwilligers opsmiten, seit Douwsma. "Der ha sels minsken fan oare ferieningen harren oanmeld om hjir te helpen." It wurk moat yn maaie oar jier klear wêze.

Henk Douwsma

Trefwurden: 
Snits tribune LSC 1890
(advertinsje)
(advertinsje)