Sylster Bouwmeester noch hieltyd twadde nei dei trije op EK

Marit Bouwmeester stiet nei de tredde dei fan it Europees kampioenskip Laser Radial noch hieltyd op it twadde plak. De sylster fan Warten hat allinnich de Deenske Anne-Marie Rindom foar har yn it Poalske Gdansk.
Marit Bouwmeester op it wetter yn Poalen © Thom Touw
Bouwmeester hie sneon yn har earste race gjin goed resultaat, se waard 23e. Dy punten mei se fuortstreekje as minste resultaat, mar se mei no fierder gjin mindere resultaten delsette, yn tsjinstelling ta Rindom. Yn de twadde wedstriid fan de dei waard Bouwmeester tredde. Rindom waard sneon twa kear twadde. Se hat in skoare fan 17, Rindom stiet no op 7.
Ek Mirthe Akkerman fan Akkrum docht mei oan it EK. Sy waard sneon yn har races achtste en 26e. Dy lêste mei sy fuortstreekje. Nei de seis races stiet Akkerman op it sechde plak mei in skoare fan 32. Dat is twa plakken heger as freed.
It toernoai is no op 'e helte.